De 100 jier is helle !!
De tariedingskommisje, besteande út Teatske Haanstra-Bosma fan Assen, Jolanda Lootens-Berg fan Swol, Hans Groenhof fan Assen, Jan Bosgraaf fan Swol, Jan Bijkerk as foarsitter fan it Boun en Kees van der Beek as skriuwer fan it Boun, binne al in pear jier byinoar kommen om it Jubileumfeest op priemmen te setten. En op 16 septimber 2023 wie it dan sa fier.
Wat hawwe wy, mei de 230 leden, dochs in moaie dei hân. It waar wie prachtich, it rûn as it slytjage en de minsken seinen dat sy in hiele moaie dei hân hienen.
En it Frysk Boun om Utens hat it predikaat Keninklik krigen, dat útrikt is troch de Kommissaris fan de Kening, de hear Arno Brok, sadat wy fanôf 16 septimber 2023 ús namme feroarje meie en feroare ha yn:
'It Keninklik Frysk Boun om Utens'
De foto's fan de ferskate ûnderdielen binne hjir ûnder te sjen:
It Nijs hat de fiering fan hûndert jier Frysk Boun om Utens
streekrjocht folge!
Ek it SIO hat op harren webstek der oandacht oan bestege.
Fierder hat Omrop Fryslân opnames makke.
Omrop Fryslân:
Filmkes op Youtube:
Dat wy as Frysk Boun sa'n dei organisearje koenen en om de leden / dielnimmers oan it jubileum net te folle betelje te litten, hat it Boun sels tusken de 11.000 en 15.000 Euro út eigen bûse lutsen.
Mar dêr wiene wy der fansels noch net mei, foar advertinsjes yn ús jubileumboekje hiene tal fan bedriuwen tasein. Net allinnich mei advertinsjes, mar ek 'yn natuera'.
Dêrnêst hawwe in oantal fûnsen en organisaasjes tasein om in flinke stipe te jaan.
Sawol de bedriuwen as de fûnsen en organisaasjes dy't ús stipe hawwe, tige, tige tank dêr foar!!
|